Palm Beach (Floarida)

Palm Beach
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Floarida
County Palm Beach County
Sifers
Ynwennertal 8.800 (2018)
Oerflak 21,0 km² (ynkl. wetter)
10,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 807,5 / km²
Stêdekloft Miami
Hichte 2 m
Oar
Stifting 1872
Tiidsône UTC –5
Simmertiid UTC –4
Koördinaten 26°42′54″N 80°02′22″W
Offisjele webside
townofpalmbeach.com
Kaart
De lizzing fan Palm Beach yn Palm Beach County en yn 'e steat Floarida.

Palm Beach (Ingelsk foar "Palmstrân"), offisjeel de Town of Palm Beach, is in plak mei de status fan town, dat oan 'e Atlantyske kust fan it Floarida-skiereilân leit, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida. It leit feitliks op in eilân foar de eigentlike kustline fan it skiereilân, dêr't it fan skaat wurdt troch de Intracoastal Waterway. Palm Beach heart ta de stêdekloft fan Miami en stiet krekt as bgl. Beverly Hills bekend as in wenplak foar de superriken. Neffens in offisjele skatting út 2018 hie it plak doe 8.800 ynwenners.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy