Panama City (Floarida)

Panama City
Emblemen
        
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Floarida
County Bay County
Sifers
Ynwennertal 36.484 (2010)
Oerflak 91,8 km² (ynkl. wetter)
75,8 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 400 / km²
Stêdekloft 168.852 (2010)
Hichte 8 m
Oar
Stifting <1900
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 30°10′28″N 85°39′52″W
Offisjele webside
www.pcgov.org
Kaart
De lizzing fan Panama City yn Bay County en yn 'e steat Floarida.
Dizze side giet oer de stêd yn Floarida. Foar de haadstêd fan Panama, sjoch: Panama-Stêd.

Panama City is in stêd yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Floarida. It moat net betize wurde mei de de lyknammige haadstêd fan Panama, dêr't it nei ferneamd is. Panama City is it haadplak fan Bay County, en leit yn 'e Florida Panhandle, oan 'e saneamde Smaragdkust (Emerald Coast) fan 'e Golf fan Meksiko. Yn dy krite is it it grutste plak is tusken de steatshaadstêd Tallahassee en de havenstêd Pensacola yn. Panama City hie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 doe goed 36.000 ynwenners, wêrmei't it de grutste wenkearn is yn 'e stêdekloft fan Panama City-Lynn Haven, dy't in befolking hat fan krapoan 170.000 minsken.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy