Paralympyske Simmerspullen 2020

XVIe Paralympyske Simmerspullen
holden yn Tokio (Japan)
jier 2021
data 24 augustus-5 septimber
organisator IPC
dielnimmende lannen 163
dielnimmende atleten 4.537
eveneminten 539 yn 22 sporten
iepeningsseremoanje 24 augustus
slutingsseremoanje 5 septimber
edysjes
foarrige edysje Rio 2016
folgjende edysje Parys 2024
Temaside  Sport

De Paralympyske Simmerspullen 2020 waarden fan 24 augustus oant en mei 5 septimber 2021 yn de Japanske haadstêd Tokio holden.

It sportevenement soe ynearsten yn Tokio plak hawwe fan 25 augustus oant en mei 6 septimber 2020, mar troch de koroanapandemy waard er in jier útsteld. It jiertal yn de namme bleau gelyk.

Tokio waard foar de twadde kear de gaststêd fan de Paralympyske Simmerspullen. De earste kear wie yn 1964.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy