Parys

Parys
Polityk
Lân flagge fan Frankryk Frankryk
Regio Île-de-France
Sifers
Ynwennertal 2.220.445 ynwenners (2014)
Oerflak 105,4 km²
Befolkingsticht. 20.980 km²
Stêdekloft 12.405.426 ynwenners (2014)
Hichte 33 m. (28–130 m.) boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 48°52′ N, 2°19′ E
Offisjele webside
www.paris.fr

Parys (Frânsk: Paris) is de haadstêd en grutste stêd fan Frankryk. Tagelyk is it de haadstêd fan de regio Île-de-France, de regio mei de measte ekonomyske aktiviteit fan Frankryk. De bynamme fan Parys is de Ljochtstêd (la Ville Lumière). De romantyske reputaasje fan Parys ferklearret foar in part dat elts jier 30 miljoen besikers nei de Frânske haadstêd tôgje. De rivier de Seine snijt de stêd yn twa-en mar beide parten binne middels stikmannich brêgen en in wiidweidich metrosysteem mei mekoar ferbûn.

De Stêd Parys hat 2.220.445 (2014) ynwenners, de stêdekloft Parys wurdt bewenne troch 12.405.426 minsken (2014).


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy