Pennsylvania

Mienebêst Pennsylvania
Commonwealth of Pennsylvania
flagge wapen
Virtue, Liberty and Independence
(Ingelsk, "Deugdsumens, Frijheid en Unôfhinklikheid")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting PA
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1787)
haadstêd Harrisburg
grutste stêd Philadelphia
offisjele taal Ingelsk (de facto)
sifers
ynwennertal 12.787.209 (2014)
befolkingstichtens 107,2 / km²
oerflak 119.283 km² (2,7% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Keystone State
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside www.pa.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Pennsylvania. Foar oare betsjuttings, sjoch: Pennsylvania (betsjuttingsside).

Pennsylvania (útspr.: [pɛnsɨl've:ɲǝ], likernôch "Pen-s'l-vee-njuh"), offisjeel it Mienebêst Pennsylvania (Ingelsk: Commonwealth of Pennsylvania), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Pennsylvania, byneamd de Keystone State, leit yn it noardeasten fan it lân, tusken de Grutte Marren en de Atlantyske Oseaan yn. De haadstêd is Harrisburg, mar de grutste stêd is Philadelphia, wylst ek it grutte Pittsburgh binnen de grinzen fan Pennsylvania leit. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe krapoan 12,8 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 6e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Pennsylvania mei justjes minder as 120.000 km² de 33e steat. Pennsylvania stiet û.m. bekend om syn ferâldere koaleminen en stielyndustry, om 'e Amish yn Lancaster County en om it slachfjild fan Gettysburg.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy