Permafrost

Pears: permafrost
Blau: yn de winter beferzen grûn (15 dagen of mear it jier)
Rôse: grûn minder as 15 dagen it jier beferzen
Trochsnee fan permafrost mei in iiskile krekt ûnder it oerflak.
Stienringen op permafrost op Spitsbergen.

Yn de geology is permafrost of kryotyske ierde de oantsjutting foar grûn dy't twa jier as langer beferzen bliuwt. Permafrost wurdt it meast fûn op hege breedtegraden (dat wol sizze lân tichtby de noardpoal en súdpoal), mar alpine permafrost komt foar op grutte hichten op folle legere breedtegraden. At de ûndergrûn wettertichte rots is, is der iis, grif at de grûn mear as sêd fan wetter is, mar dat hoecht op oare plakken net sa te wêzen. Sa'n 0.022% fan it totale wetter op ierde is permafrost en komt foar yn 24% fan it lân op it noardlik healrûn. De boppekant fan de permafrost hjit permafrost-tafel (meastal op de djipte fan de maksimale teilaach).

Yn de winter is de grûn oant op grutte djipte beferzen en simmerdeis raant allinnich it boppeste laachje dat in pear sintimeter oant in pear meter dik wêze kin. It wetter út de boppelaach kin net sakje yn de beferzen boaiem, dat it lân sil sompich wurde. De laach dy't wol raant en wer befriest, hjit de aktive laach. Yn de aktive laach kin planten woartelje, yn de permafrost net. De dikte fan de aktive laach hinget fan it waar ôf en wikselt mei it jier, mar sit meast tusken 60 en 360 sm. De dikte fan de permafrostlaach kin tsientallen meters wêze (by Barrow yn Alaska is ea goed 400 meter metten).

Permafrost kin in soad koalstof yn opslein wêze, yn de foarm fan fean en as metaangas. Resint ûndersyk fan de permafrost wurdt yn rûsd dat de permafrost yn de hiele wrâld 1400–1700 Gt koalstof befettet. Dy mannichte koalstof is grutter as de koalstof yn alle no libjende organismen en twa kear safolle as de koalsof (CO²) dy't hjoeddedei yn de atmosfear sit.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy