Perzysk

Perzysk
algemien
oare namme(n) Farsy, Dary en Tōjiky
eigen namme فارسی
lânseigen yn Iran (Perzje), Afganistan, Tadzjikistan, Oezbekistan en De Barein. Ek kloften yn de F.S., Feriene Arabyske Emiraten, Kanada en Dútslân. Fierders yn lytske kloften troch emigranten oer de hiele wrâld.
tal sprekkers 120 miljoen
skrift oanpast Arabysk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
dialekten Aimakw, Bukory, Dary, Darwazy, Dewariy, Dzidy, Hazaragy, Heraty, Judeo-Sirazy, Kabuly, Kuzestany, Lary, Mazary, Palavany, Tojiky , Teruny
taalstatus
offisjele status Grut-Brittanje, Feriene Steaten
taalkoades
ISO 639-1 fa
ISO 639-2 per/fas
ISO 639-3 eng

It Perzysk, (lokale nammen: Fârsy, Dary en Tōjiky) is de offisjele taal fan Iran (Perzje), Afganistan en Tadzjikistan en wurdt troch miljoenen yn Oezbekistan sprutsen. De taal heart krekt as it Frysk by de Yndo-Jeropeeske taalfamylje en yn dizze taalfamylje makket it diel út fan de tûke fan Iraanske of Aryske talen.

Yn Nederlân wurdt ek wol "Farsy" brûkt as oantsjutting foar de taal. Farsy is de ynhiemske namme foar it Perzysk en al syn dialekten. Farsy wurdt betiden ek wol hanteare om de "offisjele" fersy fan de taal mei oan te tsjutten lykas dy yn Iran sprutsen wurdt, ter ûnderskieding fan it Dary sa as dat yn Afganistan ien fan de fiertalen is en dat dêrfan wat ferskilt.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy