Peter Paul Rubens (Siegen, 28 juny 1577 – Antwerpen, 30 maaie 1640) wie in keunstskilder, tekener en diplomaat, warber yn Antwerpen, en is sûnder mis de populêrste master út de Barok-perioade. Hy wurdt ek wol Pieter Paul, Pieter Pauwel of Petrus Paulus neamd.
Rubens skildere yn in golle Barokke styl dy't de klam lei opbeweging, kleur en gefoeligens. Hy is fermeamd om syn Kontrareformaasje alterstikken, portretten, lânskippen en histoarjestikken mei mytologyske en allegoryske ûnderwerpen.