Philadelphia

Philadelphia
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Pennsylvania
County Philadelphia County
Sifers
Ynwennertal 1.547.607 (2012)
Oerflak 367 km² (ynkl. wetter)
347,3 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 4.393,8 / km²
Stêdekloft 5.965.343 (2010)
Hichte 12 m
Oar
Stifting 1682
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Koördinaten 39°57′12″N 75°10′12″W
Offisjele webside
www.phila.gov
Kaart
De lizzing fan Philadelphia (read) yn Philadelphia County en de steat Pennsylvania.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania. Foar oare betsjuttings, sjoch: Philadelphia (betsjuttingsside).

Philadelphia, yn 'e sprektaal gauris ôfkoarte ta Philly, is de grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Pennsylvania en de op ien nei grutste stêd (nei New York) oan 'e eastkust fan 'e Feriene Steaten. Op 'e list fan 'e grutste stêden fan it hiele lân beset Philadelphia it fyfde plak, mei in befolking dy't neffens in rûzing út 2012 goed oardel miljoen bedraacht. As stêdekloft, mei alle omlizzende plakken en foarstêden meirekkene, stiget dat oantal sels ta krapoan 6 miljoen. Philadelphia stiet ek wol bekend ûnder de bynamme The City of Brotherly Love ("De Stêd fan 'e Bruorreleafde"), wat de letterlike betsjutting is fan it Grykske wurd Φιλαδέλφεια, filadelfia.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy