prins Philip, hartoch fan Edinburgh | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
Prins Philip yn 1992 | ||
echte namme | Philip Mountbatten | |
nasjonaliteit | Britsk | |
bertedatum | 10 juny 1921 | |
berteplak | Korfû (Keninkryk Grikelân) | |
stjerdatum | 9 april 2021 | |
stjerplak | Windsor (Ingelân) | |
dynasty | • Hûs Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg • Mountbatten | |
etnisiteit | • Gryksk • Deensk • Dútsk • Ingelsk • Skotsk • Russysk | |
Prins-gemaal | ||
amtsperioade | 1952-2021 | |
foargonger | Elizabeth Bowes-Lyon | |
opfolger | Camilla Parker Bowles | |
Hartoch fan Edinburgh | ||
amtsperioade | 1947-2021 | |
foargonger | gjint | |
opfolger | Charles III |
Prins Philip, hartoch fan Edinburgh (Korfû, 10 juny 1921 - Windsor, 9 juny 2021, berne as prins Fílippos fan Grikelân en Denemark wie fan 1947 ôf oant syn ferstjerren de man fan keninginne Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk. Hy waard berne yn de Grykske en Deenske keninklike famyljes. Hy waard berne yn Grikelân, mar doe't er 18 moanne âld wie, moast syn famylje út Grikelân wei flechtsje. Sûnt de dei fan syn houlik wie er hartoch fan Edinburgh, baron fan Greenwich en greve fan Merioneth. Yn 1957 waard er ek Prins fan it Feriene Keninkryk. Ofstammelingen fan Philip en Elizabeth, dy't gjin keninklike titels holden, holden de efternamme Mountbatten-Windsor oan.