Playboy | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk, ferskaat | |
sjenre | neakenfotografy | |
frekwinsje | 1x de moanne | |
bestean | 1953 – no | |
oprjochter | Hugh Hefner | |
plak haadred. | Beverly Hills (Kalifornje) | |
útjouwer | Playboy Enterprises, Inc. | |
oplaach | 1.008.000 (2014) | |
ISSN | 0032-1478 | |
offisjele webside | ||
www.playboy.com |
Playboy, ek wol Playboy Magazine, is in neakenblêd, fral ornearre foar heteroseksuële manlju, oprjochte yn 1953 troch Hugh Hefner (1926-2017). In playboy is immen dy't yn jet-set-fermiddens ferkeart, faak achter froulju oan sit en meast koarte ferhâldings hat. It blêd jout foto's fan neakene froulju, saneamde Playboy Playmates, ôfwiksele mei ynterviews en politike- en kulturele analyzes.