Pornografy

De beneaming XXX (útspr.: triple X) wurdt wrâldwiid brûkt as oantsjutting foar pornografy.

Pornografy (gauris ferkoarte ta porno) is it eksplisite portrettearjen fan seksuële ûnderwerpen troch it gebrûk fan in breed skala oan media, lykas tekst, tekenings, animaasje, byldhoukeunst, fotografy, lûdsopnamen, film, fideo en fideospultsjes. De term tsjut inkeld op it fêstlizzen fan seksuële dieden, en net op dy seksuële dieden sels. Pornografy moat net betize wurde mei erotyk, wêrmei't it portrettearjen fan seksualiteit as neistribjen fan keunst bedoeld wurdt en dat dêrnjonken ek omtinken skinkt oan gefoelens en emoasjes, wylst it by pornografy poer om 'e fysike dieden draait, mei faak in heech sensaasjegehalte.[1] Sljochtwei neakenfotografy kin allikemin beskôge wurde as pornografy, mei't it miskien wol in seksueel doel tsjinnet, mar der gjin seksuële die as sadanich by fêstlein wurdt.

Pornografy komt foar yn in grut tal ûnderskate foarmen. It wurd "pornografy" is ôfkomstich út it Gryksk, mar krong pas yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e measte Westjeropeeske talen troch. It ferskynsel sels bestiet al sûnt minskewitten, sij it dat it pas yn 'e Fiktoriaanske Tiid syn hjoeddeiske foarm krige, foar in grut part ek om't it doe foar it earst as sadanich by de wet ferbean waard. Sûnt de ein fan 'e sechstiger jierren is pornografy yn frijwol alle Westerske lannen legalisearre, al ferskilt de persize byldfoarming en maatskiplike reäksje per lân. Hjoed de dei giet der foar miljarden om yn 'e pornoyndustry, wat dy bedriuwstûke op guon plakken bot ynfloedryk makket. De fersprieding fan pornografy is fan 'e 1990-er jierren ôf revolúsjonearre yn 'e foarm fan ynternetpornografy.

Noch altiten is pornografy in kontroversjeel ûnderwerp, dat ferheftige emoasjes losmakket by sawol foar- as tsjinstanners. Wylst de foarstanners harren beroppe op 'e frije mieningsutering, fine de tsjinstanners dat sy net tsjin harren wil mei obseniteit konfrontearre wurde moatte soene, dat it op grûn fan harren religieuze leauwe "ferkeard" is, en/of dat froulju dertroch objektifisearre en misbrûkt wurde.

  1. Gehrke, William J., Erotica is Not Pornography (tech.mit.edu).

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in