Portegeesk | ||
algemien | ||
eigen namme | Português | |
lânseigen yn | Portegal, Brazylje, Lúksemboarch, Angoala, Mozambyk, Sao Tomee en Prinsyp, Guinee-Bissau, Ekwatoriaal-Guinee, East-Timor, Makau, Kaapverdje en noch inkele oare lannen. | |
tal sprekkers | 230 miljoen | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk
| |
dialekten | *Brazyliaansk | |
taalstatus | ||
offisjele status | Portegal, Brazylje, Lúksemboarch, Angoala, Mozambyk, Sao Tomee en Prinsyp, Guinee-Bissau, Ekwatoriaal-Guinee, East-Timor, Makau, Kaapverdje, Jeropeeske Uny, Feriene Naasjes, Afrikaanske Uny en noch inkele oare lannen. | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | pt | |
ISO 639-2 | por | |
ISO 639-3 | por |
It Portegeesk is in Romaanske taal dy’t yn grutte parten fan de wrâld sprutsen wurdt. Bygelyks yn Brazylje, Angoala en Mozambyk. De taal het likernôch 210 miljoen memmetaal sprekkers, noch ris 20 miljoen oare minsken binne de taal machtich. Mei in tal sprekkers fan 230 miljoen minsken is it Portegeesk de fjirde taal op de wrâld. De Portegeesk sprekkende lannen wurkje op it mêd fan taal gear yn de Mienskip fan Portegeesksprekkende lannen.
De taal is in offisjele taal yn de gearwurkingsferbannen fan de Jeropeeske Uny, de Mercosul, en de Mienskip fan Portegeesksprekkende lannen.
It Portegeesk yn Brazylje wykt of fan it Portegeesk yn oare lannen, net allinnich wat útspraak en idioom betsjut, mar ek de stavering is oars. Dit komt troch in staveringsherfoarming, it saneamde Acordo Ortográfico út 1990 (letter wizige yn 1998), dy’t ôfsprutsen is yn it gearwurkingsferbân fan Portugeesksprekkende lannen. Dochs is dizze herfoarming nea oeral trochfiert, omdat net alle lannen it ferdrach ratifiseare ha.