Pre-Code (Hollywood)

In publisiteitsfoto út 1931 (foar dy tiid tige derop ôf) fan aktrise Dorothy Mackaill as in sekretaresse dy't oan it wurk giet as prostituee yn Safe in Hell. Nei de ynfiering fan 'e 'Code' koe sa'n foto beslist net mear.

Pre-Code (útspr.: [pri:'koʊd], likernôch: "prii-kood"; Ingelsk foar "foarôfgeand oan 'e Koade") wie yn 'e skiednis fan 'e Amerikaanske filmyndustry fan Hollywood de relatyf koarte perioade tusken de yntrede fan 'e lûdsfilm yn 1929 en de ynstelling fan strang tafersjoch op it neilibjen fan 'e sinsuerregels fêstlein yn 'e Motion Picture Production Code yn 1934. Yn 'e tuskenlizzende perioade namen regisseurs en produsinten beskate frijheden op it mêd fan neakenens, seks, geweld en oare kontroversjele ûnderwerpen. Dêrtroch binne de films dy't tusken 1929 en 1934 yn Hollywood produsearre waarden, foar in grut part fan in oar kaliber as de films fan nei 1934. Neffens hjoeddeistige mjitstêven binne de films út it Pre-Code-tiidrek sa yntein en nuet as wat, mar yn dy tiid sprieken hiel wat minsken der skande fan.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy