Presidinsjele Frijheidsmedalje

Presidential Medal of Freedom
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar fertsjinste
útrikt troch de presidint fan de Feriene Steaten
ynsteld 1963
offisjele webside
gjint

De Presidinsjele Frijheidsmedalje (Ingelsk: Presidential Medal of Freedom) is in Amerikaanske priis dy't ferliend wurdt troch de Amerikaanske presidint. Tegearre mei de ferlykbere Gouden Medalje fan it Amerikaanske Kongres (Congressional Gold Medal) is it de heechste en wichtichste Amerikaanske ûnderskieding foar boargers.

De Presidinsjele Frijheids- medalje mei alle byhearrich- heden.

De Presidinsjele Frijheidsmedalje wurdt neffens de offisjele omskriuwing útrikt ta erkenning fan lju dy't "in bysûnder fertsjinstlike bydrage levere hawwe oan 'e feilichheid of de belangen fan 'e Feriene Steaten, oan 'e wrâldfrede, of oan kulturele of oare publike of private ûndernimmings." Hoewol't it in boargerlike priis is, binne militêren net fan útrikking útsletten, en ek bûtenlanners komme derfoar yn oanmerking. De Presidinsjele Frijheidsmedalje waard yn 1963 ynsteld troch presidint John F. Kennedy, ta ferfanging fan 'e eardere Frijheidsmedalje (Medal of Freedom), dy't yn 1945 troch syn foargonger Harry Truman ynsteld wie om boargers te earjen dy't har fertsjinstlik makke hiene foar de Amerikaanske oarlochsynset yn 'e Twadde Wrâldoarloch.

Under de winners fan 'e Presidinsjele Frijheidsmedalje binne lju fan alle mêd fan 'e maatskippij: arsjitektuer, diplomasy, dûns, film, fotografy, genêskunde, godstsjinst, keunst, literatuer, media, muzyk, polityk, rjocht, romtefeart, it sakelibben, sport, ûnderwiis, wittenskip, ensfh. Bekende winners binne bygelyks: Isabel Allende, Tony Blair, Warren Buffett, Jimmy Carter, Doris Day, Walt Disney, Placido Domingo, T.S. Eliot, Kirk Douglas, Ella Fitzgerald, Aretha Franklin, Audrey Hepburn, paus Jehannes Paulus II, Danny Kaye, Martin Luther King (postúm), Henry Kissinger, Yo-Yo Ma, Nelson Mandela, Rosa Parks, Gregory Peck, Norman Schwarzkopf, Frank Sinatra, John Steinbeck, Aung San Suu Kyi, Mem Teresa, Desmond Tutu, Lech Wałęsa, John Wayne, Oprah Winfrey en Stevie Wonder. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, yn 'e Ingelske Wikipedy.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.



From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in