In provinsjale wei is in dyk yn Nederlân dy't oanlein, ûnderholden en beheard wurdt yn opdracht fan de provinsje. In soad provinsjale wegen yn de beboude kom wurde beheard troch de gemeente. De provinsje betellet de oanbelangjende gemeente in bydrage foar it behear.
In provinsjale wei kin yn in foarm fan in autosneldyk of autodyk boud wurde. De measte provinsjale diken hawwe lykwols in inkelde rydbaan, wylst guon in dûbele rydbaan hawwe. Yn Nederlân wie der yn 2004 totaal 6.713 km oan provinsjale wegen.