RGB-kleursysteem

It RGB-kleursysteem is in kleurkodearring, in manear om in kleur út te drukken mei help fan in kombinaasje fan 'e trije primêre kleuren Read-Grien-Blau, útgeande fan additive kleurminging. Hoefolle oft fan eltse primêre kleur nedich is om 'e just mingkleur te krijen, wurdt útdrukt yn in getal dat almeast út 8 bits bestiet en fariëarje kin fan 0 oant 255. Foar HTML-tapassings (ynternet) wurdt dêrfoar ornaris it heksadesimaal systeem brûkt, wêrby't de juste hoemannichte fan elts fan 'e trije primêre kleuren werjûn wurdt yn in sechstjintallich stelsel, fan 00 o/m 99, en dêrnei fierder geand fan AA o/m FF. Yn tapassings dêr't in hegere kwaliteit fereaske wurdt, kinne ek 12, 16 of noch mear bits per kleur brûkt wurde, wat in grutter ferskaat oan kleuren opsmyt. Kleurwearden rinne by 12 bits útinoar fan 0 o/m 4095, en by 16 bits fan 0 o/m 65535. RAW-bestannen fan digitale kamera's, bygelyks, befetsje meastal 12-bits kleurwearden.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy