Reaklif

It Reaklif by Warns
Tinkteken op it Reaklif oan de slach by Warns
Sicht op it Reaklif fan Eelke Jelles Eelkema (1820)

It Reaklif by Skarl tusken Starum en Laaksum is in oerbliuwsel út de Saale iistiid. De namme hat it te tankjen oan de readêftige liem dy't troch dêr troch de iiskape opinoar skowt is. It Reaklif leit likernôch 10 meter boppe NAP.

Tsjintwurdich leit it klif der kultivearre by: de Iselmarkant is belein mei stien en boppekant is egalisearre. Yn eardere tiden, foar it oanlizzen fan de Ofslútdyk riisde it as in echt klif rûch op oan de westkant fan de Sudersee.

Oer it ûntstean fan it Reaklif diene earder ferskate mites de rûnte. Neffens guon hie op it plak fan it klif yn de oertiid in fulkaan stien, neffens oaren hie de reade kleur fan it klif te meitsjen mei in fjoerspuiende draak dy't dêr op 21 juny altyd út de grûn kaam. Yn de omkriten fan it klif giet noch altyd it sechje dat tongerbuien boppe it Reaklif yn twaen brekke.

Op it Reaklif stiet sûnt 1951 in monumint ta oantinken oan de Slach by Warns dy't yn dy omkriten yn 1345 plakfûn hat. Dat bestiet út in 14 ton swiere stien, suver in rotsblok eins, op in fuotstik. Op 'e stien stiet de tekst: 1345 - leaver dea as slaef.[1] De stien wie skonken troch de kommunist Gerrit Roorda fan De Tynje.[2] Op it klif fynt alle jierren op 26 septimber of dêromtrint de offisjele Betinking fan de Slach by Warns plak.

It Reaklif hat yn de rin fan de tiid troch ferskate keunstners ynspirearre. Sa hat de dôve keunstskilder Eelke Jelles Eelkema it rûge oansjen fan it klif yn 1820 ferivige. En yn 1901 naam dichter Jan Linses van der Burg in ferwizing nei Reaklif op yn syn It Heitelân, dat wol it 'alternative Fryske folksliet' neamd wurdt: Dêr't Reaklif sa swietkes lonket / yn 'e jûntiids-sinneskyn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Weerbarstige Steen, yn: de Ljouwerter Krante, 25 septimber 1951.
  2. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 32.

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in