Regisseur

In regisseur (fan it Frânske régisseur, "behearder") is immen dy't it kreätyf tafersjoch fiert oer in projekt fan 'e poadiumkeunsten. As froulike foarm wurdt soms term "'regisseuze'" brûkt.

Regisseurs kinne tafersjoch hâlde oer in breed skala oan poadiumkeunstfoarmen, útsein muzyk, wêrby't de artistyk lieder de dirigint is. De regisseur draacht der soarch foar dat de útfiering op in beskate wize bart en dat de útfiering as gehiel konsistint is, sawol tusken de ûnderskate sênes as op it mêd fan hoe't de personaazjes werjûn wurde.

Regisseurs kinne harren spesjalisearje op ferskillende fakgebieten:

As der sûnder fierdere taljochting oer in 'regisseur' sprutsen wurdt, dan wurdt yn 'e regel in filmregisseur bedoeld, of it moat wêze dat út 'e kontekst oars bliken docht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.



From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in