Richard Nixon | ||
politikus | ||
echte namme | Richard Milhous Nixon | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 9 jannewaris 1913 | |
berteplak | Yorba Linda (Kalifornje) | |
stjerdatum | 22 april 1994 | |
stjerplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Dútsk Iersk Ingelsk Ulstersk | |
partij | Republikeinske Partij | |
Presidint fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1969 – 1974 | |
foargonger | Lyndon B. Johnson | |
opfolger | Gerald Ford | |
Fise-presidint fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1953 – 1961 | |
foargonger | Alben W. Barkley | |
opfolger | Lyndon B. Johnson | |
Amerikaansk senator foar Kalifornje | ||
amtsperioade | 1950 – 1953 | |
foargonger | Sheridan Downey | |
opfolger | Thomas Kuchel | |
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen (foar it 12de Distrikt fan Kalifornje) | ||
amtsperioade | 1947 – 1950 | |
foargonger | Jerry Voorhis | |
opfolger | Patrick J. Hillings |
Richard Nixon (folút: Richard Milhous Nixon; Yorba Linda (Kalifornje), 9 jannewaris 1913 – New York (New York), 22 april 1994), wie in Amerikaansk politikus fan mingd Ulstersk-Dútsk- Ingelsk-Iersk etnysk komôf. Hy wie lid fan 'e Republikeinske Partij, dêr't er foar yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen en yn 'e Amerikaanske Senaat siet. Dêrnei wied er fise-presidint ûnder it regear fan Dwight Eisenhower, mar by de ferkiezings fan 1960, doe't er Eisenhower opfolgje woe as presidint, waard er ferslein troch John F. Kennedy. Yn 1968 wûn er dochs noch in kear de presidintsferkiezings, en doe wied er fan 1969 oant 1974 de 37ste presidint fan 'e Feriene Steaten. Healwei syn twadde amtstermyn seach er him as iennichste presidint ea twongen om ôf treden, mei't it Watergate-skandaal syn yntegriteit sa bot oantaast hie dat er net mear te hanthavenjen wie.