Ritmaster

In ritmaster is in subalterne ofsier fan middelhege rang yn it Nederlânske leger. Dizze rang komt foar by it wapen fan 'e kavalery, dat in ûnderdiel is fan 'e lânmacht. De ekwivalinte rang by de oare wapens fan 'e lânmacht (ynfantery, artillery, sjeny) is kaptein. De ekwivalinte rang by de marine is luitenant-op-see 2e klasse âldste kategory, wylst yn guon lannen de ekwivalinte rang by de loftmacht flechtluitenant is. De oansprektitel fan in ritmaster is "ritmaster".


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy