Rivierklaai

In klaaipolder oan de Isel by Wilp yn Gelderlân

Rivierklaai of fluviatile klai is in soarte klaai dy't troch streamend rivierwetter yn in riviergea ôfset waard. Foarbylden fan riviergeaen binne yn East-Fryslân by de rivieren de Iems en de Weser del, en yn it midden fan Nederlân yn it gebiet fan de Grutte Rivieren. Dy klaai is in reedlik jonge klaai, dy't út fine kerrels. Yn Nederlân wurdt rivierklaai brûkt om bakstiennen fan te meitsjen. Yn de uterwaarden stiene yn it ferline in soad stienbakkerijen.

Oksidearre rivierklaai is almeast ljochtbrûn, wylst redusearre klaai griis is. Seeklaai yn Fryslân is almeast griisbrún ta griisblau.

In spesifyk soarte rivierklaai is komklaai, dy't it tige lytse dieltsjes bestiet en ornaris in leech gebiet fierder fan de rivier ôf ôfset waard. Dy grûn is slimmer te ûntwetterjen en dêrtroch gaadliker foar greidlân as foar ikkerbou.

Rivierklaaigebieten foarmje in eigen lânskipstype, dy't benammen yn it midden fan Nederlân foarkomt.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in