Roggen | ||
In bûnte earnroch (Aetobatus narinari). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
tuskenstamme: | kaakdieren (Gnathostomata) | |
klasse: | kreakbienfisken (Chondrichthyes) | |
ûnderklasse: | haaien en roggen (Elasmobranchii) | |
tuskenklasse: | echte haaien en roggen (Euselachii) | |
difyzje: | moderne haaien en roggen (Neoselachii) | |
ûnderdifyzje: | roggen (Selachii) | |
Case, 1978 | ||
De roggen (wittenskiplike namme: Batoidea of ek wol Rajomorphii) foarmje in ûnderdifyzje fan 'e stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata), de klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), de tuskenklasse fan 'e echte haaien en roggen (Euselachii) en de difyzje fan 'e moderne haaien en roggen (Neoselachii). Dit is in taksonomyske groep fan fisken dy't sa'n 560 ûnderskate soarten omfiemet. De roggen binne nau besibbe oan 'e haaien (Selachii), en men soe se wol omskriuwe kinne as ôfplatte haaien. De earste roggen ûntjoegen har út fossile haai-eftigen oan it begjin fan it Trias, sa'n 252 miljoen jier lyn.