Romeinen

Dizze side giet oer de Romeinen as etnyske groep. Foar oare betsjuttings, sjoch: Romeinen (betsjuttingsside).

De Romeinen wienen in folk dat libbe yn Itaalje, sawat yn it milennium om Kristus hinne. Oan it begjin fan ús jiertelling hawwe se in keizerryk opboud dat de hiele Middellânske See en grutte parten fan Europa omfieme hat.

Yn dy tiid hawwe se ek de Friezen moete, en yn dy tiid, doe't de grins fan harren ryk by de Ryn lâns rûn, hawwe de súdlikste stammen, dy't troch de Romeinen Frisiavones neamd waarden, part fan it Romeinske ryk west. De Romeinen hawwe ek in part fan Grut-Brittanje behearske, en guon fan de Frisiavones hawwe yn harren tsjinst dêr ek west.

De Romeinen hawwe ek de noardlikere Friezen, dy't se Frisii neamden, betwongen, mar se hawwe harren gjin fêst part fan it ryk makke. Se hienen, sa't liket, net sa folle op mei in gebiet dat, sa't sy it seagen, twa kear deis lân en twa kear deis see waard.

Yn de 3e iuw binne de Romeinen hieltyd mear gebiet kwytrekke, oant it lêste stik 476 troch de Germanen oerweldige is.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in