De Russyske roebel is de munt fan de Russyske Federaasje. 100 kopeken binne ien roebel. De roebel wie ek de munt fan de Sowjetuny (1917-1991). De ôfkoarting fan de hjoeddeiske roebel is RUB (ISO 4217). Op 1 jannewaris 1998 waard nei in desennium fan hyperynflaasje in nije roebel ynfierd: 1 nije roebel komt oerien mei 1000 âlde roebels. De ôfkoarting fan de âlde roebel wie RUR.