Salisjaanske talen | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Salishaanske talen | |
lokaasje | súdlik Britsk-Kolumbia en it Amerikaanske Noardwesten | |
tal talen | 23 (wêrfan 10 †) | |
tal sprekkers | 2.260 (2014) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | gjin algemien akseptearre heger nivo fan taalfamylje | |
subgroepen | ● Bella Kûla ● Ynlânsk-Salisjaansk ● Kust-Salisjaansk | |
taalkoades | ||
ISO 639-5 | sal |
De Salisjaanske talen (ek wol stavere as Salishaanske talen) foarmje in taalfamylje fan Yndiaanske talen dy't foarhinne sprutsen waarden yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia en it Noardwesten fan 'e Feriene Steaten. Dizze talen wurde karakterisearre troch ûnder mear agglutinaasje en it foarkommen fan syllabyske konsonanten. Der bestiet ûnienichheid oer de fraach hoefolle ferskillende Salisjaanske talen oft der binne. Taalkundigen telle 23 ûnderskate talen, wêrfan't anno 2018 10 útstoarn binne. Guon fan 'e Salisjaanske talen omfetsje in flink tal dialekten, mar de sprekkers sjogge harren eigen dialekt oer it algemien as in selsstannige taal. De Salisjaanske talen wurde gauris stavere mei de amerikanistyske fonetyske notaasje, dy't lettertekens omfiemet foar konsonanten en fokalen dy't yn 'e measte Westerske talen net foarkomme. Guon Salisjaanske folken, lykas de Lillûet (Lillooet), hawwe lykwols eigen ortografyen ûntwurpen.