Santa Monica (Kalifornje)

Santa Monica
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Los Angeles County
Sifers
Ynwennertal 89.736 (2010)
Oerflak 21,8 km² (ynkl. wetter)
21,8 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 4.117,3 / km²
Stêdekloft Los Angeles
Hichte 32 m
Oar
Stifting 1875
Tiidsône UTC -8
Simmertiid UTC -7
Koördinaten 34°01′19″N 118°28′53″W
Offisjele webside
www.smgov.net
Kaart
De lizzing fan Santa Monica yn Los Angeles County en yn 'e steat Kalifornje.

Santa Monica is in stêd oan 'e súdwestkust fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje. It makket ûnderdiel út fan Los Angeles County, en wurdt oan trije kanten omsletten troch it folle gruttere Los Angeles (oan 'e fjirde kant leit de Stille Oseaan). Santa Monica is in begoedige stêd, dêr't har in protte ferneamde lju en topûndernimmers út 'e filmwrâld nei wenjen set hawwe. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie de stêd doe krapoan 90.000 ynwenners. Santa Monica makket diel út fan 'e stêdekloft fan Los Angeles, dy't neffens in offisjele skatting út 2012 in befolking hat fan goed 12,8 miljoen minsken.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy