Sealterfrysk

Sealterfrysk
algemien
oare namme(n) Sealterlânsk, Sealtersk, Eastfrysk
eigen namme Seeltersk
lânseigen yn Dútslân
tal sprekkers 1500-2.500
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Noardwestgermaansk - Frysk - Eastfrysk - Iemsfrysk - Sealterfrysk
dialekten Roomelsesk, Schäddelsk, Strukeljesk
taalstatus
offisjele status it Sealterfrysk genietet yn Dútslân erkenning as minderheidstaal
taalkoades
ISO 639-1 n.f.t.
ISO 639-2 frs
ISO 639-3 stq

It Sealterfrysk, ek wol Sealterlânsk of Sealtersk neamd, is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan de Westgermaanske talen. It is it iennichste noch libbene dialekt fan it Eastfrysk, dat eartiids yn alle Eastfryske lannen fan de Iems oant de Weser sprutsen waard. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Noardfrysk foarmet it de Fryske taalgroep.

It Sealterfrysk wurdt sprutsen yn de gemeente Sealterlân (Dútsk: Saterland), yn it noardwesten fan de dielsteat Nedersaksen, bewesten de stêd Aldenboarch, sa'n fyftich km fan de Nederlânske grins by Nijeskâns ôf. Sealterlân, dat in gebiet fan 123 km² beslacht, heart ta de Landkreis Kloppenboarch, yn de regio Aldenboarger Múnsterlân. It oantal sprekkers wurdt rûsd op 1500-2500, wat krapoan 20% fan de befolking fan it Sealterlân beslacht.

Histoarysk is it Sealterfrysk fuortkommen út it Aldfrysk, mar de skiednis fan it skreaune Sealterfrysk hat syn oarsprong yn de 19e iuw. It Sealterfrysk hat dialekten, elk doarp dat oarspronklik Sealterfrysktalich is hat ien, mar de ferskillen binne tige lyts.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy