In sekretaresse of siktaresse (fan it Latynske secretarum) is immen dy't foar har of syn berop administrative en ûnderstypjende wurksumheden ferrjochtet foar in funksjonaris of in ynstânsje. By sok wurk moat men tinke oan dingen dêr't bgl. dokters of direkteuren sels gjin tiid foar hawwe en dy't maklik oan in ûnderhearrige oerdroegen wurde kinne. 'Sekretaresse' is net de froulike foarm fan sekretaris, dat gjin ûnderstypjende administrative funksje is, mar in bestjoersfunksje. Sa'n 99% fan 'e Nederlânske sekretaresses is in frou; de seldsume manlike sekretaresses wurde yn 'e regel sekretarieel meiwurker of soms sekretariaatsmeiwurker neamd. It komt ek foar dat sekretaresses fan heechpleatste persoanen sels ek wer ûnderhearrige sekretaresses hawwe, dy't dan simpelwei administratyf meiwurkers neamd wurde.