Siameeske twilling

Daisy en Violet Hilton op 8-jierrige leeftyd yn 1916.

In Siameeske twaling is in twilling, dêr't de twa yndividuen fan by de berte oaninoar fêst sitte. De ferbining kin fariearje fan in lyts stikje (byn)weefsel dat de liven earne ferbynt oant it mienskiplik hawwe fan ien of mear lichemsdielen. Der binne twa teoryen oer it ûntstean. Neffens de iene teory splist de befruchte aaisel him net folslein. Neffens de mear akseptearre teory splist de aaisel him folslein, mar foarmje stamsellen dêrnei in ferbining tusken de beide organismen.

De earste siameeske twilling yn Fryslân en Nederlân dy't fan elkoar skieden waarden wiene Folkje en Tjitske de Vries. Se wiene berne op 8 novimber 1953 yn Mûnein. In fan búk nei búk rinnende string ferbûn de beide famkes. Se waarden op 12 juny 1954 operatyf fan elkoar skieden yn it Diakonessehûs yn Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Siamese tweeling.

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in