Sigismund Schlomo Freud (Freiberg (Moraavje), 6 maaie 1856 – Londen, 23 septimber 1939) wie in senuwarts, filosoof en psychiater út Eastenryk-Hongarije en de grûnlizzer fan de psychoanalyze. Freud ûntwikkele de techniken fan "Psychoanalyze" foar de behanneling fan psychyske en emosjonele steurnissen.
Freud studearre ôf as doktor yn de Genêskunde fan de Medyske Fakulteit fan de Universiteit fan Wenen yn 1881. Yn septimber 1891 ferhuze Freud nei de 19 Berggasse yn Wenen, dêr't hy 47 jier wenje en wurkje soe. Yn 1896 waard yn "de etiology fan hystearje," foar de earste kear Freud syn term "de psychoanalyze" brûkt. Yn oktober 1902 ûntstie om Freud hinne in groep artsen dy't alle wiken de psychoanalyze bespruts. De groep neamde harsels yn 1908 "Weenske Psychoanalytyske Feriening." Yn 1910 waard de Ynternasjonale Psychoanalytyske Feriening oprjochte yn Neurenberg mei de Switserske psycholooch Carl Jung as de earste foarsitter. Psychoanalyze waard al rillegau rûnom akseptearre as in wittenskiplike dissipline en as in terapeutyske benadering.
Op 12 maart 1938 marsjearden Dútske troepen Eastenryk yn en kamen de nazi's oan de macht. Syn dochter Anna waard arrestearre op 22 maart en troch de Gestapo ien dei fêsthâlden. Op 4 juny, nei tal fan ynternasjonale yntervinsjes, mocht Freud nei Londen emigrearje, mei syn frou, syn jongste dochter Anna, syn húshâldster Paula Fichtl en syn medyske fersoarger Josefine Stross. Oare bern fan Freud slaggen der ek yn te ûntkommen. Syn broer ferlear al syn besittings doe't hy yn Wenen links, en fjouwer âldere en minder falide susters waarden twongen om yn Wenen te bliuwen en waarden fermoarde yn konsintraasjekampen in 1941. Freud ferhuze nei in hûs op 20 Maresfield Gardens yn Londen Hampstead.
"It Sigmund Freud Museum" waard iepene yn syn eardere kantoar 19 Berggasse, Wenen yn 1971.