Sineesk

Ferspriedingsgebiet Sineeske talen

Sineesk of Sineeske talen is in sammelnamme foar in groep talen dy't mei elkoar de Sinityske tûke fan de Sino-Tibetaanse taalfamylje foarmje. Meastal wurdt mei Sineesk it standertmandaryn bedoeld, de offisjele taal fan de Folksrepublyk Sina, fan Taiwan en fan Singapore. Dy standerttaal is basearre op it Beijinghua, it Pekingdialekt fan it Mandaryn, de grutste fan de Sineeske talen. Feitlik kin it Sineesk beskôge wurde as in makrotaal, dy't sprutsen wurdt troch ûngefear 1,22 miljard minsken, benammen yn Sina, Taiwan, mar ek yn oare lannen fan it Fiere Easten, wêrûnder Maleizje, Tailân, Yndoneezje en Singapore. Ek wurdt de taal sprutsen troch in soad oerseeske Sinezen. De Sineeske talen besteane al heul lang, der binne al geskriften weromfûn fan mear as 2500 jier lyn en Sineeske karakters op orakelbonken dy't noch âlder binne.

Der binne tsien Sineeske talen dy't ûnderdiel binne fan de Sineeske makrotaal:

Fierders binne der noch fiif Sineeske talen dy't noch net troch linguïsten yndield binne:

Dizze talen kinne omskreaun wurde mei Sineeske karakters, Hanzy. Dêrneist binne der talen as it Yi dy't ek yn Sina sprutsen wurde.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in