Sineeske namme

In Sineeske namme is de namme fan persoanen yn 'e Folksrepublyk Sina, Hongkong, Makau en Taiwan en fan lju fan etnysk Sineesk komôf om utens. Fanwegen de histoaryske dominânsje fan Sina yn 'e kultuer fan East-Aazje en Súdeast-Aazje binne in soad Koreaanske nammen en Fjetnameeske nammen eins adaptaasjes fan Sineeske nammen, of binne alteast histoarysk woartele yn 'e Sineeske taal. Foarhinne hiene Sinezen in soad ferskillende nammen, lykas de tatenamme, skoalnamme, hoflikheidsnamme en postume namme. Dat hong foar in part gear mei taboes oangeande wa't wa yn 'e tradisjonele Sineeske kultuer by namme neame mocht, sels as de neamde persoan net oanwêzich wie. Tsjintwurdich bestiet de Sineeske namme allinne noch út in famyljenamme, almeast besteande út ien wurdlid, en in foarnamme, almeast besteande út twa wurdlidden, wêrby't de famyljenamme foàr de foarnamme pleatst wurdt. Yn in bekende namme as Mao Zedong is dus 'Mao' de famyljenamme, en 'Zedong' de foarnamme.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy