Sint-Pierre en Miquelon Saint-Pierre et Miquelon | |
---|---|
flagge | wapen |
Latyn: A mare labor ("Ut see, wurk") | |
geografyske lokaasje | |
algemien | |
gebietsdiel fan | Frankryk |
pol. status | oerseeske kollektiviteit |
haadstêd | Saint-Pierre |
offisjele taal | Frânsk |
sifers | |
ynwennertal | 6.080 (2011) |
befolkingstichtens | 25,0 / km² |
oerflak | 242 km² (ynkl. wetter) 242 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Euro (€) (EUR) |
tiidsône | UTC-3 (S.T. UTC-2) |
tillefoan | +508 |
ynternetekstinsje | .pm |
webside | www.saint-pierre-et-miquelon.pref.gouv.fr |
Sint-Pierre en Miquelon (Frânsk: Saint-Pierre et Miquelon, útspr.: [sɛ̃ pjɛʁ e miklɔ̃]) is in selsbestjoerend oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de status fan in oerseeske kollektiviteit. It gebiet bestiet út acht lytse eilantsjes yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan foar de Kanadeeske kust fan Nijfûnlân, dy't alles binne dat noch restearret fan it ienris sa grutte Frânske koloniale ryk yn Noard-Amearika. Sint-Pierre en Miquelon hie neffens de folkstelling fan 2011 krapoan 6.100 ynwenners.