Skip (tsjerke)

It skip yn in tsjerke is de lange romte, meastentiids fan west nei east, dy't rint oant de koer, it meast eastlike part. By in soad tsjerken is der in dwersskip, of transept, in romte tusken it skip en de koer, sadat der winliken in Latynsk krús ûntstiet. Dêrmei ûntstiet de tradisjonele foarm fan Romaanske en Goatyske krústsjerken. Der binne ferskate manieren wêrop it boukundige begryp skip by tsjerken brûkt wurde kin. It kin de hiele romte betsjutte fan de tsjerketoer oan iene kant en de koer oan de oare kant. It kin ek de romte betsjutte fan allinne it sintrale part tusken de pylders. Dat wurdt ornaris mei it middenskip oantsjutten en dan neamd men de romten bûten de pylders de sydskippen.

Meastal wurde de sydskippen fan it middenskip skaat troch pylders. As de sydskippen like breed en heech binne as it middenskip, wurdt wol fan in halletsjerke sprutsen. In tsjerke sûnder dwers- en sydskippen wurdt sealtsjerke neamd. By tsjerketsjinsten is it skip it plak dêr't de tsjerkegongers sitte.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in