Skotsk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Leechlânsk-Skotsk | |
eigen namme | Scots | |
lânseigen yn | Feriene Keninkryk Ierlân | |
tal sprekkers | 165.000 (2011) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Angelsaksysk ● Skotsk | |
dialekten | Eilânskotsk, Middenskotsk, Noardskotsk, Stedskotsk, Súdskotsk, Ulsterskotsk | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjin offisjele status | |
erkenning as minderheidstaal |
● Feriene Keninkryk ● Skotlân ● Noard-Ierlân ● Ierlân | |
taalkoades | ||
ISO 639-2 | sco | |
ISO 639-3 | sco |
It Skotsk (Skotsk: Scots) is in Westgermaanske taal, dy't fan âlds sprutsen wurdt yn in grut diel fan Skotlân. Om't it taalgebiet benammen it Skotske leechlân omfiemet, wurdt dizze taal inkeld ek wol oantsjut as Leechlânsk-Skotsk. Troch migraasje fan Skotten dêrhinne, wurdt it Skotsk sûnt de santjinde iuw ek sprutsen yn Noard-Ierlân en it noarden fan 'e Ierske Republyk. It Skotsk moat net betize wurde mei it Skotsk-Gaelysk, de Keltyske taal fan 'e Skotske Heechlannen en de Hebriden, en allikemin mei it Skotsk-Ingelsk, it dialekt fan 'e Ingelske taal sa't dy yn Skotlân sprutsen wurdt.
Oant it ferlies fan 'e Skotske ûnôfhinklikens, yn 1707, wie it Skotsk de bestjoerstaal fan Skotlân, mar nei't it troch de uny mei Ingelân alle politike status kwytrekke wie oan it Ingelsk, ferlear it ek syn maatskiplik oansjen. Dêrnei waard it lange tiid beskôge waard as in Ingelsk dialekt, mar sûnt 1997 wurdt it Skotsk troch it Britske regear erkend as in lânseigen minderheidstaal. Neffens de Britske folkstelling fan 2011 waard it Skotsk doe yn it Feriene Keninkryk troch 155.000 minsken as memmetaal sprutsen. It tal sprekkers yn Ierlân leit om 'e 10.000 hinne.