Skotsk-Gaelysk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Gaelic | |
eigen namme | Gàidhlig | |
lânseigen yn | Grut-Brittanje | |
tal sprekkers | 58.000 (2011) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Keltysk ● Eilânkeltysk ● Gaelysk ● Skotsk-Gaelysk | |
dialekten | Galloweechsk †, Heechlânsk, Leechlânsk †, Kanadeesk | |
taalstatus | ||
offisjele status | (gjin offisjele status) | |
erkenning as minderheidstaal |
● Grut-Brittanje: ● Skotlân ● Kanada: ● Nij-Skotlân: ● Kaap Bretoneilân | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | gd | |
ISO 639-2 | gla | |
ISO 639-3 | gla |
It Skotsk-Gaelysk (Skotsk-Gaelysk: Gàidhlig; Ingelsk: Scottish Gaelic) is in Keltyske taal dy't lânseigen is yn it Britske lânsdiel Skotlân. Nei iuwen fan tebekgong is it taalgebiet no beheind ta de noardwestlike Skotske Heechlannen en de Hebriden, yn it uterste noardwesten fan Skotlân. It Skotsk-Gaelysk hat gjin offisjele status, mar genietet sawol yn Skotlân as yn in diel fan Kanada (nammentlik Kaap Bretoneilân) erkenning as in minderheidstaal. Neffens gegevens út 2011 wie it Skotsk-Gaelysk doe de memmetaal foar 57.400 Skotten en 350 Kanadezen. It Skotsk-Gaelysk moat net betize wurde mei it Skotsk, dat in hiele oare, Germaanske taal is.