In skrift is in systeem fan byinoar hearrende lettertekens of oare karakters wêrmei't mûnlinge kommunikaasje sichtber werjûn wurde kin. Hoewol't sawol skrift as spraak har foardielen hawwe by it oerbringen fan meidielings, hat it skrift op 'e spraak foar dat it in betroubere foarm fan ynformaasjeopslach, en dêrmei fan ynformaasjebehâld is. Foar de prosessen fan it kodearjen en dekodearjen fan mûnlinge kommunikaasje nei in skriftfoarm en werom is in mienskiplik begryp fan 'e lettertekens fan sa'n systeem nedich dat de skriuwer(s) en de lêzer(s) mei-inoar ferbynt. Lju dy't wol deselde taal sprekke as in skriuwer mar syn boadskip net lêze kinne, binne analfabeten. It omsetten fan skreaune taal fan it iene skrift yn it oare hjit transliteraasje of ek wol omlettering. De measte skriften meitsje behalven fan lettertekens ek gebrûk fan oanfoljende tekens foar ynterpunksje, dêr't toan, klam, ritme en yntonaasje mei werjûn wurde kinne.