Skroar

In skroar yn Hongkong, dwaande mei it oanmjitten fan in kostúm oan in klant.

In skroar (mt. skroaren) of kleanmakker, of foarhinne ek wol snider, is fan âlds in ambachtsman dy't boppeklean makket. Ek tsjintwurdich komt dit berop noch foar, benammen foar op maat makke (en tige djoere) hearekostúms en damesjûpen. Men sprekt no ek wol fan in kûpeur of in taljeur.

Skroaren besteane al salang't der lju binne dy't it barre mei en betelje oaren om klean foar harren te meitsjen. It ambacht giet yn elts gefal tebek oant de Alde Griken en de Romeinen, mar nei alle gedachten noch folle fierder.

In master-skroar hat ien of mear learjonges yn 't wurk, oan wa't er geandewei it fak trochdocht. Tradisjoneel sieten skroaren faak yn 'e saneamde kleanmakkerssit op in tafel te wurkjen, om in skjin en flak wurkoerflak om har hinne te hawwen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in