Skylgersk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Westersk | |
eigen namme | Schylgers, Westers | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 400 (2004, skatting) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Frysk ● Westerlauwersk Frysk ● Skylgersk | |
dialekten | gjint | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal |
Nederlân: ● Fryslân (as streektaal?) |
It Skylgersk, ek wol Westersk neamd (Skylgersk: Schylgers of Westers), is it Fryske dialekt dat sprutsen wurdt op it westlike part fan it ta de provinsje Fryslân hearrende Waadeilân Skylge. It is nau besibbe oan it Aastersk, it dialekt fan it eastlike part fan Skylge. De beide Fryske susterdialekten wurde faninoar skaat troch it Midslânsk, it Hollânske dialekt dat sprutsen wurdt op 'e midden fan it eilân. It is mei it Skylgersk sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw sterk yn it neigean rekke, om't de taal frijwol net mear trochjûn wurdt oan 'e bern. It is sadwaande fral in ûnderling kommunikaasjemiddel fan 'e âldere generaasjes wurden.