Sletten see

In sletten see is in see dy't gjin ferbining hat mei in wrâldsee. It ferneamste foarbyld is de Deade See. Ornaris binne sletten seeën sâlt, om't it wetter dat de rivieren oanbringe al ferdampe kin, mar de mineralen net.

Der wurdt somtiden ek wol sletten mar sein. Dat is bygelyks sa foar de Tsjaadmar, om't dy al min ofte mear swietwetter hat. In oare grûn kin wêze dat it wetter net sa grut is as oare seeën.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in