Snits (gemeente)

Snits

De Wetterpoarte, it symboal fan Snits.
flagge wapen

Wapen fan Snits
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Snits
grutste plak Snits
ynwennertal 33.427 (2010)
befolkingstichtens 1.096,0 / km²
oerflak 34,03 km²
● wêrfan lân 30,50 km²
● wêrfan wetter 3,35 km²
tal stêden 1
tal doarpen 3
ferkearsieren A7, N354
skiednis
oprjochte 1292
1984 útwreide mei Ysbrechtum,
   Loaiïngea en Offenwier
opheft 2011
opgien yn Súdwest-Fryslân
no part fan Súdwest-Fryslân
oar
netnûmer 0515
postkoade 8600–8633
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.sneek.nl
Dizze side giet oer de eardere gemeente Snits. Foar de stêd, sjoch: Snits.

Snits (Nederlânsk en offisjeel: Sneek) is in eardere gemeente 'e Súdwesthoeke fan Fryslân, dy't bestie út 'e stêd Snits mei syn klokslach en (sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1984) trije doarpen, te witten: Ysbrechtum, Loaiïngea en Offenwier. De gemeente hie op 1 jannewaris 2010 in befolking fan 33.427 minsken, en besloech in oerflak fan 34,03 km², wêrfan 3,4 km² oerflaktewetter. Snits krige yn 1292 stedsrjochten, wat beskôge wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. Op 1 jannewaris 2011 fusearre de gemeente Snits mei de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Wymbritseradiel en Wûnseradiel ta de nije gemeente Súdwest-Fryslân, wêrfan't de stêd Snits it haadplak waard.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy