Sosjaaldemokrasy is de oantsjutting foar in politike beweging dy't op demokratyske wize yn de besteande maatskiplike of politike oarder in sosjale wetjouwing of in stadige herfoarming op grûn fan min ofte mear egalitêre begjinsels foarstiet. Sosjaaldemokraten binne oanhingers fan dy beweging.
Faak wurdt de term sosjalisme brûkt om sosjaaldemokraten oan te tsjutten, al is sosjalisme in breder begryp dat ek linksere ideologyen binnen en bûten it parlemintêr stelsel (lykas al as net revolúsjonêre kommunisten en soms anargisten) omfettet. Der wurde wol fraachtekens setten by de yndieling fan sosjaaldemokrasy ûnder sosjalisme, benammen troch linksere sosjalisten.