Starumersk

Starumersk
algemien
eigen namme Stavers
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 450 (2014)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Hollânsk-Frysk
                  ● Stedsk
                    ● Starumersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal)

It Starumersk (Starumersk: Stavers) is in dialekt fan it Stedsk dat fan âlds sprutsen wurdt yn it Iselmarstedsje Starum, dat foarhinne in selsstannige gemeente wie, doe tritich jier diel útmakke fan Nijefurd en no ûnder Súdwest-Fryslân falt. Dizze taalfoarm is in Hollânsk dialekt mei sterke Fryske ynfloeden. It hat in protte wei fan 'e Stedske dialekten dy't yn oare Fryske stêden sprutsen wurde. Der binne soargen oer it fuortbestean fan it Starumersk, mei't in protte lju tsjintwurdich de bern Nederlânsktalich grutbringe.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy