De stienmurd (wittenskiplike namme: Martes foina), ek wol bekend ûnder de hollanistyke ynterferinsje "stienmarter", is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e marters. Dit bist is lânseigen yn it meastepart fan Jeropa en grutte dielen fan Aazje, en komt ek yn Fryslân foar. De stienmurd is in middelgrut rôfdier dat fral yn leafwâld en tusken rotsen libbet. It is in krepuskulêr en nokturnaal (by skimer en nacht aktyf) bist, dat it grutste part fan syn bestean solitêr trochbringt. De stienmurd moat net betize wurde mei de nau besibbe beamotter (Martes martes), dêr't er in protte op liket. De IUCN klassifisearret de stienmurd as net bedrige.