Stjerrestelsel

In aairûn stjerrestelsel yn de kluster Abell S740 mids ferskate typen stjerrestelsels

In stjerrestelsel (soms ek molkeweistelsel) is in grutte samling stjerren dy't troch de eigen swiertekrêft by elkoar hâlden wurdt.

De diameter fan de measte stjerrestelsels is tusken 3000 en 300.000 ljochtjier. It oantal stjerren farieart fan 108 yn dwerchstelsels tot 1014 yn reuzestelsels.

Yn elk stjerrestelsel is ek gas, stof en (fermoedlik) foar it meastepart dûnkere matearje en dûnkere enerzjy oanwêzich. De stjerren, it gas en de stof kinne waarnomd wurde. Dûnkere matearje is noch net direkt waarnomd mar wierskynlik oanwêzich omdat it de ferdieling en beweging fan de oare trije ferklearret.

Neffens de lêste berekkenings telt it hielal minstens twa biljoen stjerrestelsels.[1]

  1. Onderzoekers tellen minstens 2 biljoen sterrenstelsels in het heelal, op webside: NOS nieuws

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy