Stony Stoney | |
---|---|
Kening George VI en syn frou, keninginne Elizabeth, moetsje yn 1939 de opperhaden fan 'e Stony. | |
flagge | |
Súdlike Stony |
Noardlike Stony |
populaasje | |
oantal | 7.900 (2013) |
taal | Stony (ek Ingelsk) |
godstsjinst | kristendom, natoerreligy |
erkenning | |
steatsdragend folk | gjin eigen steat |
erkende minderheid | Kanada |
fersprieding | |
Kanada: | 7.900 |
De Stony (Ingelsk: Stoney) of Nakoda binne in lânseigen Yndiaansk folk út westlik Kanada, mei in wengebiet dat him oarspronklik útstriek oer in grut part fan it wâldgebiet direkt benoarden de Grutte Flakten, en oant yn 'e Rocky Mountains. Hja kinne opdield wurde yn twa groepen, de Noardlike Stony of Wâld-Stony (Northern Stoney of Wood Stoney) en de Súdlike Stony of Berch-Stony (Southern Stoney of Mountain Stoney). Se sprekke foar in oansjenlik diel noch har eigen Sûaanske taal, dy't nau besibbe is oan it Sû (Sioux). Der binne tsjintwurdich sa'n 7.900 Stony, frijwol allegear yn Kanada.