Swarte Pyt

Twa Swarte Piten

Swarte Pyt is de helper fan Sinteklaas. Neffens de ferhalen bringt Swarte Pyt yn de dagen om fiif desimber hinne de kadokes fan Sinteklaas. Doe’t de huzen noch ienfâldige reekkanalen hiene, soe er, wylst de minsken slepten, troch dy skoarstiens klimme om sa de kadokes yn ' e hûs te bringen.

Oant de tachtiger jierren fan de 20e iuw hie Swarte Pyt njonken in sek mei snobbersguod ek in roede. Dêrmei moast er ûndogenske bern kjel meitsje. Leave bern krigen snobbersguod en presintsjes, mar ûndogenske soene bestraft wurde. Under druk fan feroarjende opfiedkundige ynsichten ferdwûn dat driigjende elemint geandewei út it karakter fan Pyt. Yn de wat âldere Sinteklaasferskes fynt men noch wol spoaren fan dy âlde rol fan Swarte Pyt.

Swarte Pyt is werkenber oan syn swarte of brune oansjen. Jierrenlang waard er typearre mei swarte krollen, goudene earringen en readferve lippen, mar dy eleminten binne hjoed-de-dei op retoer om’t se - yn ferbân mei it slavernijferline fan Nederlân - troch guon minsken te stereotyp fûn wurde. Sûnt it begjin fan de 21e iuw is der suver alle jierren diskusje oer it al of net rasistyske karakter fan in Swarte Pyt. Op guon plakken yn Nederlân wurdt de Swarte Pyt dêrom sûnt 2014 ferruile foar of oanfolle mei Piten yn oare kleuren. Mei in knypeach nei dy eardere skoarstiens, wurde ek Piten mei roetfegen sjoen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy