Sweagerfean

Sweagerfean is in earder doarp ûnder Westergeast yn it westen fan de gemeente Kollumerlân en is no part fan Kollumersweach. Yn 1971 waard it krekt as de buorskip Sânbulten by Kollumersweach foege. De namme komt ek foar as Zwagerveen.

It plak is neamd nei it fean fan Kollumersweach. It doarp hie yn de fyftiger jierren in grifformearde tsjerke, in kristlike beukerskoalle, in kristlik nasjonale skoalle en in wykgebou fan it Griene Krús mei âldereinwenten.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in