In symboal is in teken wêrby't gjin natuarlijke relaasje bestiet tusken de representaasje fan it teken en de betsjutting dy't der mei útdrukt wurdt.
In symboal is in betsjuttingsdrager; it hat oan de iene kant in farm of reperesentaasje, en oan de oare kant in betsjutting. De betsjutting fan in symboal is konvinsjoneel; se berêst meastentiids op ôfspraken dy't de brûkers fan in symboal of - (lykas bygelyks yn de taal) - de brûkers fan it systeem dêr't it symboal diel fan útmakket ea meimakke hawwe, De semiotyk ûnderskiedet neist ut symboal twa oare soaretn tekens: de yndeks en it ikoan.
Yn ús deiske bestean komme symboalen allerhande plakken werom. Se bepale ús strjitbyld mei flaggen, hannelsmerken, logo’s en reklameboerden. Yn it ferkear komme we party ôfbyldings tsjin dy't ús fertelle wat we al/net dwaan meie of dy't ús warskôgje foar gefaarlike situaasjes.
Symboalen wurde brûkt yn hast alle wittenskippen lykas de wiskunde, de logika en de natuer- en skiekunde, om te stribjen nei ienfâld en safolle mooglik ûndûbelsinnnichheid yn de útspraken; der wurde, faak nei hjitte debatten, presize ôfspraken makke oer harren betsjuttings, sadat letter sa krekt mooglik praten wurde kin oer de begripen dy't yn de betreffende wittenskip bestudearre wurde.
De kultuer wurdt ek wol sjoen as in grut symboalespul dêr't religy, keunst, wittenskiplike en filosofyske kennis en ek ekonomyske ferskynsel in ûnderdiel fan binne. Mar faak fine wy yn ien fan de meast komplekse en tagelyk meast brûte foarm fan symboalen werom yn de sprutsen en skreaune taal.
It wurd ‘symboal’ hat syn oarsprong yn yt Gryekse selsstannige namwurd ‘symbolon’ of ‘sumbolon’, dat teken, kenteken of werkenningsteken betjut, en it tiidwurd ‘symbaloo’, dat moetje, gearbringe of fergelykje betsjut.